Op in jûn earne yn maart 2015 kamen tsien freonen op it idee om in eigen bier te ûntwikkeljen. Doe hju dat idee, de dei dernei, thûs oan harren froulje fertelden, wiene de reaksjes dúdlik en helder.
Op de earste offisjele gearkomste kaam elts mei in namme sa as ôfpraat. Seis kamen mei deselde namme, IT LULKE WIIF. Fiif hiene in namme mei sa’n bytsje deselde betsjutting en ien hie in namme dy’t sels te rûch wie om te neamen op dizze site, wy neame gjin nammen….
Al mei al is de namme hiel persoanlik en nei ferwachting ek werkenber foar in hiel soad oare keardels. Hielandal nei in smûke jûn mei wat freonen en mei IT LULKE WIIF op ‘e tafel.
De Freonen fan Brouwerij de Freonskip hawwe allegearre harren smaak útsprutsen. Dêrút die bliken dat in blond bier de foarkar hie. Al moast it fansels wol oars as oars, wy komme fan de wâlden no.
Mei de brouwer is der socht nei in eigen smaak, nei in resept wat net allinne oars is mar ek unyk. De Wichter, ek wol de Wâldprom, joech net allinne dy unike smaak. It joech it blonde bier ek it regionale karakter, it karakter fan de Wâlden. De streek dêr’t de mannen fan de Freonskip foar ivich mei ferbûn binne. IT LULKE WIIF Heechblond is in krêftich, fris bier wurden mei in licht fruitige ôfdronk.