lulk-kin-ek-noflik-weze

de-namme-it-lulke-wiif

Op in jûn earne yn maart 2015 kamen tolve freonen op it idee om in eigen bier te ûntwikkeljen. Doe hju dat idee, de dei dernei, thûs oan harren froulje fertelden, wiene de reaksjes dúdlik en helder.

Op de earste offisjele gearkomste kaam elts mei in namme sa as ôfpraat. Seis kamen mei deselde namme, IT LULKE WIIF. Fiif hiene in namme mei sa’n bytsje deselde betsjutting en ien hie in namme dy’t sels te rûch wie om te neamen op dizze site, wy neame gjin nammen….

Al mei al is de namme hiel persoanlik en nei ferwachting ek werkenber foar in hiel soad oare keardels. Hielandal nei in smûke jûn mei wat freonen en mei IT LULKE WIIF op ‘e tafel.

De Freonen fan Brouwerij de Freonskip hawwe allegearre harren smaak útsprutsen. Dêrút die bliken dat in blond bier de foarkar hie. Al moast it fansels wol oars as oars, wy komme fan de wâlden no.

Mei de brouwer is der socht nei in eigen smaak, nei in resept wat net allinne oars is mar ek unyk. De Wichter, ek wol de Wâldprom, joech net allinne dy unike smaak. It joech it blonde bier ek it regionale karakter, it karakter fan de Wâlden. De streek dêr’t de mannen fan de Freonskip foar ivich mei ferbûn binne. IT LULKE WIIF Heechblond is in krêftich, fris bier wurden mei in licht fruitige ôfdronk.

brouwerij-de-freonskip-undernimme-mei-freonen

Brouwerij de Freonskip is de namme fan de feriening dy oprjochte is troch tolve freonen. In jierrenlange freonskip brocht harren safier, en wa wit hoefolle fierder noch. Mei elkoar wat bysûnders ta útfier bringe. Mei it freonenploegje wat delsette dêr’t wy grutsk op binne. Hiel stikem binne sels ús froulje dat ek sa no en dan.

Brouwerij de Freonskip wie sûnt it begjin yn oerlis mei in lytse ambachtlike brouwer. In man mei passy, dy’t al jierren op heech nivo foar him sels dwaande wie. Undertusken is Sneeker Stadsbrouwerij Meerpeal in lytse mar profesjonele brouwerij wurden. In brouwerij dy’t neist syn eigen bier, eksklusyf foar De Freonskip IT LULKE WIIF makket. Soks nei it resept en yn gearwurking mei Brouwerij De Freonskip.

de-wichter-it-lulke-wiif-bier

wichter-waldprom

De wichter (Latyn: Prunus domestica subspecies insititia) of Wâldprom, is de Fryske foarm fan de saneamde Giele Kroaskesprom. Dy heart dêrom ta de ûndersoarte Kroaskesprom fan de kultuerprom.

De beam bloeit al yn april en de fruchten binne ein augustus ryp. De wichters kleurje fan grien nei giel en de wankjes hawwe in blos mei brune spruten. De foarm is rûn en lyts, ek de pitten binne rûn. Der sitte toarnen oan de tûken. De plant fermearderet him troch woartelopslach. Dat de útrinners binne (genetysk) gelyk oan de beam. As in beam dea giet stiet der meast alwer in nijenien klear. De wichter is al tige âld, yn terpfuotten binne oerbliuwsels fan wichters fûn. Benammen De Wâlden hawwe noch wichterbeammen. (Bron: Wikipedy)

de-fryske-walden-bier

De Fryske Wâlden (meast koartwei De Wâlden neamd) is in streek yn it easten fan Fryslân mei in eigen karakter dat net foarme is troch see of troch lânwinst op de see. De streek hat har namme te tankjen oan it protte bosk en houtwâlen, mar tsjinwurdich wol dat net sizze dat “wâld” in boskgebiet is, it is mear in gebiet mei leech hout. De houtwâlen om de greiden en ekers soargje foar it karakteristike lytsskalige kûlisselânskip.

De befolking fan De Wâlden hat in mear mingd karakter as dy fan de Fryske kuststreken. De grutte en min tagonklike heidefjilden hawwe ieuwenlang ûnderdak bean oan ferskate groepen migranten, dêrûnder Westfalen, Saksen, joaden en sigeuners. Neffens guon docht it temperamint yn ‘e Wâlden wat ‘súdlik’ oan.

De streek stie en stiet bekend om syn hannelskarakter. De taal dy’t hjir sprutsen wurdt, it Wâldfrysk wykt op ferskate punten ôf fan it Frysk fan de Klaaistreek en de Súdwesthoeke.

Bewenners fan de Wâlden wurde wol ‘wâldpiken’, ‘wâldsjers’ of ‘heidepiken’ neamd. De befolking fan de eardere heidestreken hat by guon noch de namme dat se koart foar de kop binne en gau mei it knyft klear stiet. In soad heidsjers hiene oant foar koart as liifspreuk “Myn Herder is myn redder”. Dêrmei net referearjend oan ús Leavenhear mar oan in bûsmes fan it merk Herder dat sa’n bytsje ta harren standertútrissing skynde te hearren. (Bron: Wikipedy)

Hast nocht oan in flesse IT LULKE WIIF gean dan nei ien fon ondersteande adressen.

Wolst do as bedriuw IT LULKE WIIF ek op ‘e tafel, bar as balie sette?

Foar de regio “De Wâlden” (Sis mar tusken:  Holwerd, Ljouwert, Grou, Drachten, Lauwersoog) kinst rjochtstreeks kontakt mei ús opnimme, fia tillefoan: 06 46232022  as fia mail: ynfo@itlulkewiif.frl

Bûten dizze regio, as sels bûten Fryslân kinst kontakt opnimme mei Wijnhandel Cru68 fia tillefoan: 06 44616347 as fia mail: info@cru68.nl

Markt 69
9251 JR Burgum

Stationsweg 38E
9001 EH Grou

Voorstreek 63
8911 JK Leeuwarden

Gedempte Vaart 29A
9231AS Surhuisterveen

De Marke 35
9203 DV Drachten

De Haven 4,
9601 DL Gytsjerk

Oudeweg 14
9203 AG Drachten

Foarstrjitte 21
9271 KE De Westereen

Stationsweg 8
8911 AH Leeuwarden

Schoolstraat 82
9251 ED Burgum

Gedempte Vaart 6
9231 AV Surhuisterveen

Voorstraat 1
9285 NM Buitenpost

Silersshop

Hoofdstraat 86
9001 AN Grou

Hantumerweg 14
9101 AB Dokkum

Groot Schavernek 19
8911 BW Leeuwarden

Strandweg 5
9976 VS Lauwersoog

Diepswal 1
9101 LA Dokkum

Wijde Noorderhorne 2
8601 EB Sneek

Strobossersteeg 1
9101 NB Dokkum

Nieuwe Oosterstraat 6

8911 KN Leeuwarden

Foarwei 77
9298 JD Kollumerzwaag

Mr Andreastraat 1

9291 MA  Kollum

Markt 36

9101 LS  Dokkum

De Kolk 23

9231 CV Surhuisterveen